Fenrir: fan merkkream nei webshop
In webside en webshop foar in lytse meitser fan ambachtlike mede, ynklusyf alles wat der nei in bestelling bart.
- Klant
- Fenrir
- Sektor
- Ambachtlike drank
- Wat
- Webside, Webshop, Klantaccounts, Prosessen, Regelwurk
- Trochrintiid
- Twa wiken

De situaasje
Fenrir makket mede en stiet mei in kream op merken. Der wie ferlet fan in eigen plak online: om sjen te litten wa’t se binne, wêr’t se steane, en om mede te ferkeapjen.
Der leinen in protte ideeën op tafel, en online alkohol ferkeapje bringt regels mei. Boppedat begjint nei elke bestelling it hânwurk pas.
De oanpak
Ik bin begûn mei it bedriuw sels: wa binne de klanten, wêr komme se wei, en wat moatte se fine kinne? Pas dêrnei kaam de technyk.
Dêrneist hold ik it oersjoch. Wat moat der no, wat kin letter? Sa bleau de fokus op wat der echt ta die.
Wat der boud is
- 01
Webside mei nijs, aginda en resepten
Klanten sjogge yn ien eachopslach wat der nij is, op hokker merken Fenrir stiet, en watst mei mede meitsje kinst. Fenrir past de ynhâld sels oan fia in ienfâldich behear.
- 02
Merkdei-banner
Stiet Fenrir hjoed op in merk? Dan sjocht elke besiker dat daliks boppe-oan de side.
- 03
Webshop
Twa soarten mede en in priuwpakket, mei online beteljen fia Mollie. Ek nei de merk kinne klanten dus gewoan bestelle.



It resultaat
Binnen twa wiken in wurkjende side en webshop.
Yn de wiken dêrnei útwreide mei klantaccounts, sparpunten, reviews en in priuwpakket.
In eigner dy’t him wer rjochtsje kin op dêr’t er goed yn is: mede meitsje.